Hinnen Tsjummearum wurde freed romme

De 22.000 hinnen op it troch de mylde fariant fan de fûgelgryp troffen bedriuw yn Tsjommearum wurde freed romme. Fan in oar hinnebedriuw, dat binnen in kilometer fan de besmette pleats leit, binne tongersdei meunsters naam. Freed wurdt de útslach dêrfan ferwachte. Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel hat tongersdei op it troffen bedriuw west en seit dat de boer bot oanslein is.
De Hoarnestreek is freedtemoarn betiid ôfsletten foar al it ferkear. Inkeld bewenners en minsken dy't ynset wurde by it romjen wurde trochlitten.
Om it bedriuw is ek yn ferfiersferbod ynsteld yn in straal fan ien kilometer. Binnen dat gebiet meie gjin plomfee, aaien, dong en strie ferfierd wurde.