LTO wol previntive maatregels tsjin fûgelgryp

Der moatte sa gau mooglik previntive maatregels komme om foar te kommen dat der hieltyd wer fûgelgryp útbrekt yn de plomfeehâlderij. Dat seit Piet Faber nei oanlieding fan de útbraak op in bedriuw mei 22.000 hinnen yn Tsjummearum. Faber tinkt oan it ophokken fan hinnen yn de winter en mear beskerming tsjin kontakt mei wylde fûgels.
Hinnen bûtendoar hawwe neffens Faber mear kâns om de gryp op te rinnen. De wichtichste reden dat de maatregels der noch net binne is neffens Faber ferset fan oare lannen yn de Europeeske Uny.
Om dat te feroarjen is net maklik. Freed wurde de hinnen romme op it bedriuw by Tsjummearum.