Omstanners hâlde strjitrôver oan yn Ljouwert

© ANP XTRA
Omstanners hawwe tongersdeitemiddei in 21-jierrige strjitrôver út Ljouwert oanhâlden. De fertochte hie flak dêrfoar in 18-jierrige frou berôve fan har fyts en tas. De man treau it slachtoffer op de Doniastrjitte fan har fyts en naaide út.
Omstanners setten de achterfolging yn en hawwe de Ljouwerter oppakt. Hy sit fêst.