Nasjonale pankoekdei op hast 50 Fryske skoallen

27 mrt 2015 - 08:08

Hast 50 basisskoallen yn Fryslân dogge freed mei oan de nasjonale pankoekdei. Op dizze dei bakke de bern de pankoeken en noegje dêrnei harren pakes en beppes út. Sy wurde dêrmei efkes yn it sintsje set troch de bernsbern.

OBS De Oerstek yn Noardburgum docht ek mei. Der komme sa'n 35 pakes en beppes. De bern dogge krekt as wurkje se yn in restaurant, want se betsjinje harren gasten ek en servearje de pankoeken út. It is de twadde kear dat se meidogge yn Noardburgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)