Jong Oranje wint op De Harkema fan Servië

26 mrt 2015 - 21:26

SC Hearrenfeanspiler Pelle van Amersfoort hat tongersdeitejûn Jong Oranje de winst besoarge yn de wedstriid tsjin Servië. Jong Oranje wûn de wedstriid mei 1-0. Van Amersfoort skoarde nei in goed heal oere spyljen. Beide ploegen wiene lykweardich oan mekoar. In goal fan Servië yn de twadde helte, waard ôfkard.

De wedstriid waard spile op De Harkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)