Spoekrider feroarsaket botsing op Wâldwei

In spoekrider hat tongersdeitejûn op de Wâldwei by Ljouwert in ûngelok feroarsake. De spoekrider ried fan Ljouwert ôf nei Drachten yn in 45 kilometer auto tsjin it ferkear yn en botste by it akwadukt op in tsjinlizzer. By de frontale botsing rekke de spoekrider ferwûne. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Troch de klap sloech ien fan de belutsen auto's oer de kop. Nei it ûngelok ûntstie út de rjochting Drachten in file fan hast 2 kilometer.