GGZ sjocht ôf fan rjochtsaak oer de namme Denk

Denk GGZ © GGZ
De GGZ-organisaasje Denk sjocht ôf fan de rjochtsaak dy't de organisaasje oanspanne woe tsjin twa Twadde Keamerleden. De keamerleden binne út de PvdA stapt en ha de politike beweging Denk oprjochte. Net allinne wie de namme itselde, mar ek it logo fan de nije beweging like sterk op dat fan Denk fan de GGZ hjir. Omdat de kliïnten fan de GGZ der fan yn de war rekken, makke Denk der wurk fan, troch in koart pleit oan te spannen.
De keamerleden ha no it logo en de domeinnamme fan har beweging oanpast. De GGZ Fryslân is dêr tefreden oer.