Mylde foarm fûgelgryp yn Tsjummearum

By in plomfeebedriuw yn Tsjummearum is in mylde foarm fan fûgelgryp fêststeld. It giet om in bedriuw mei ien stâl mei bûtenútrin, mei sa'n 22.000 lishinnen. De bisten wurde út foarsoarch ôfmakke. Yn in straal fan ien kilometer om it bedriuw hinne jildt in ferfiersferbod foar plomfee, aaien, dong en brûkt struisel. Yn it gebiet leit noch ien oar plomfeebedriuw. Der wurdt noch ûndersocht oft dêr ek fûgelgryp is.