Grutte himpkwekerij Sint Nyk oprôle

Oan de Finkebuorren yn Sint Nyk is tongersdeitemoarn ien fan de grutste himpkwekerijen ea oprôle. It giet om 8000 planten, 7000 lytse en mear as 1000 grutte. De himp stie yn in loads by in hûs.
De plysje hat fiif fertochten oppakt: de man (41) en frou (34) dy't op it adres wenje en trije minsken dy't op it momint fan de ynfal yn de loads wiene. It giet om in 50-jierrige man út Den Haach en in man (50) en frou (26) sûnder fêst wenplak. De plysje docht ûndersyk yn de loads, dêrnei wurde de planten en apparatuer ferneatige.
De himpkwekerij is ûntdutsen neidat de plysje in anonime tip krige.