WK goud foar Alyda Norbruis en sulver foar Tristan Bangma

Hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp hat tongersdeitemoarn goud wûn en in wrâldrekôr riden op de 500 meter tiidrit op de WK baanhurdfytsen foar sporters mei in beheining. Norbruis finishte yn 39,959 sekonden en wie dêrmei de earste frou yn har klasse dy't ûnder de 40 sekonden ried. Mei dizze tiid prolongearre it talint út Oerterp har wrâldtitel. De kommende dagen stean der noch mear ôfstannen op it programma, wêrûnder de 3 kilometer achterfolging. Ek dêrop is Norbruis de titelferdigener. It WK fynt plak yn Apeldoorn.
Op de tendem waard Tristan Bangma fan Donkerbroek mei piloot Teun Mulder twadde op de 1 km tiidrit. Allinne de Britten Neil Fachie en Peter Mitchell wiene rapper.