Nije farrûte by Blauwe Balg yn de Waadsee

Der komt in nije farrûte by de Blauwe Balg tusken Skylge en It Amelân. It ministearje fan Ekonomyske Saken en de Feriening Wadvaarders wurkje mei-inoar gear om in alternative rûte tusken de beide waadeilannen út te stippeljen. Dizze moat súdliker komme te lizzen.
De besteande rûte rint flak lâns in sânplaat dêr't seehûnen graach lizze. De farrûte sit de bisten neffens de Feriening Wadvaarders wat yn it paad. Dizze simmer moat de rûte yn gebrûk naam wurde. De bewenners fan It Amelân binne woansdeitejûn bypraat oer de plannen.