Ferdinand de Jong skriuwt it Grut Frysk Diktee

Skriuwer Ferdinand de Jong skriuwt dit jier de 13e edysje fan it Grut Frysk Diktee. It diktee wurdt op 19 maaie yn de steateseal fan it provinsjehûs foarlêzen. De koartlyn trochfierde feroarings yn it skreaune Frysk wurde dit jier noch net yn it diktee ferwurke. Beide staveringsfarianten wurde wol goedkard.
Fan dit jier ôf wurdt it diktee alle jierren holden, earder wie dat ien kear yn 'e twa jier. Inkeld de 35 bêste Fryskskriuwers kinne oan it diktee meidwaan. Minsken kinne harren kwalifisearje op http://www.omropfryslan.nl/fryskdiktee.