Minsken mei iepensteande finzenisstraffen en boetes oppakt

25 mrt 2015 - 22:48

De plysje yn Ljouwert hat woansdei ferskate minsken oanholden dy't noch finzenisstraffen útsitte moatte of noch boetes betelje moatte. Op de Weaze waard in 48-jierrige man oanholden dy't noch 918 euro iepenstean hie. It slagge de man net om it bedrach te beteljen. Hy mei 15 dagen de sel yn.

Op it Europaplein waard in 57-jierrige Ljouwerter oanholden mei goed 1100 euro oan iepensteande boetes. Hy betelle al fuortdaliks. Op de Franklinkstrjitte yn Ljouwert hold de plysje in 35-jierrige man út Warten oan, dy't noch 19 dagen yn de sel moast.

Boppedat siet er mei tefolle drank efter it stjoer. De plysje hat proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)