Gemeente Ljouwert jout startskot foar boukavels 'De Werp'

25 mrt 2015 - 19:51

Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert hat woansdei op bedriuwebeurs TEL it startsein jûn foar de ferkeap fan de earste alve boukavels fan it nije Ljouwerter bedriuweterrein 'De Werp'.

It giet by dit bedriuweterrein om in saneamde 'sichtlokaasje' lâns de Oeriselseleane, de nije súdlike ynfalswei fan Ljouwert. Neffens Deinum hat it bedriuwslibben ferlet fan sa'n A-lokaasje. De gemeente hopet dêrom de measte kavels ferkeapje te kinnen foar it jier 2018.

De gemeente stelt wol easken oan de bedriuwen dy't har hjir festigje wolle. De gebouwen dy't se sette wolle moatte wol 'romtlike kwaliteit' ha en boud wurde ûnder tafersjoch fan in arsjitekt. Wa't mear witte wol oer it nije bedriuweterrein kin de kavels en de prizen besjen op de nije website www.werkenopdewerp.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)