Steateleden nimme ôfskied, trije wurde riddere

25 mrt 2015 - 16:39

24 fan de 43 Fryske steateleden ha woansdei ôfskied nommen fan Provinsjale Steaten. Trije Fryske steateleden hawwe in lintsje krigen. It giet om Annigje Toering fan de FNP, Henk van der Veen fan it CDA en Henni van Asten fan de PvdA. Se hawwe tolve jier steatelid west en binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

De byhearrende lintsjes binne opspjelde troch kommissaris fan 'e Kening John Jorritsma. De nije steateleden wurde tongersdei ynstallearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)