Agrarysk natuerbehearboeren mei mûzeskea meie trochsiedzje

25 mrt 2015 - 16:13
Boer Jacob van der Wal fan Wâldsein by syn lân - Foto: Omrop Fryslân, Geale Groen

Boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge, meie fan no ôf perselen trochsiedzje. Dan giet it om stikken lân dy't oantaaste binne troch mûzen. Gewoanwei meie boeren dy't in kontrakt ha om oan agrarysk natuerbehear te dwaan har lân net ynsiedzje.

Foar boeren dy't troffen binne troch de mûzepleach wurdt no in útsûndering makke. Dan moat har lân wol foar mear as de helte ferrinnewearre wêze troch mûzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)