Jild ynsammele foar Stichting Leergeld

25 mrt 2015 - 12:01

De Ronde Tafel 101 yn Harns hat 10.000 euro ynsammele foar de Stichting Leergeld. De ôfrûne tiid hawwe de leden fan de Ronde Tafel ûnder oaren wyn en appelbeignets ferkocht.

It jild wurdt brûkt om kwetsbere bern yn Frjentsjer en Harns te stypjen. Sa wurdt harren skoalreiske of kontribúsje foar in sportklup betelle as de âlden dat sels net kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)