Duo betellet mei falsk jild yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan 32 jier út Alkmaar en Hoorn binne tiisdeitejûn yn Boalsert oppakt om't se mei falsk jild betelle hienen. It duo hie it falske jild brûkt yn ferskate hoarekasaken. De eigeners melden har by de plysje. Plysjeminsken seagen it duo dêrnei op de Appelmerk rinnen. De man út Alkmaar is fuortendaliks oppakt. Yn syn bûse fûn de plysje noch mear falsk jild. De man út Hoorn naaide út, mar koe nei in achterfolging by it stedhûs arrestearre wurde. De mannen sitte noch fêst.