RES wol fusearje mei SC Bolsward

It ledetal fan de Boalserter katolike fuotbalklup RES út 1936 rint achterút, en om dy sitewaasje te kearen wol it bestjoer no fusearje mei SC Bolsward. It bestjoer fan dy klup stiet der posityf tsjinoer. Wat de leden fan de fúzjeplannen fine wurdt woansdeitejûn dúdlik, dan hâlde beide klups tagelyk in ledegearkomste.
Inkelde donateurs fan RES hawwe al oanjûn harren lidmaatskip op te sizzen as de fúzje trochgiet. It bestjoer hat de yndruk dat de leden wol meigean nei SC Bolsward. De namme en de klupkleuren fan de katolike klup ferdwine.