Subsydzje foar wenningkeapers mei Fryslân Wenoffinsyf

24 mrt 2015 - 21:32

It wenoffinsyf fan de provinsje Fryslân giet takom sneon foar de twadde kear fan start. Minsken kinne in besite bringe oan de huzen dy't yn Fryslân te keap stean.

Wenningkeapers kinne de kommende moanne maksimaal 7800 euro subsydzje krije om har nije hûs op te knappen en enerzjysunich te meitsjen. It plan moat potinsjele keapers oer de streek helje en soargje foar wat mear beweging op de wenningmerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)