GGD Fryslân: "BMR-faksinaasjes yn Fryslân wurde wól útfierd"

© ANP
De faksinaasjes tsjin BMR gean woansdei gewoan troch. Dat meldt GGD Fryslân. De NOS meldt yn it sjoernaal dat de faksinaasjes yn Fryslân, Grinslân en Limboarch net troch gean soene fanwege smoarge ynjeksjenullen. Dat kloppet net seit wurdfierder Anthony Hogeveen fan GGD-Fryslân.
Minsken dy't in oprop krigen hawwe om har ynintsje te litten tsjin bof, mûzels en reade hûn kinne har dus gewoan op de neamde lokaasje melde.