Gjin risiko's Harnzers troch steuringen ôffaloven

24 mrt 2015 - 16:59

Minsken yn Harns en omjouwing ha gjin risiko's rûn troch steuringen by de ôffaloven dêr. De provinsje hat útsykje litten oft de sûnens fan minsken gefaar rûn hat, nei trije ynsidinten oan de stoomliedingen yn de ferbaarningstsjettel fan de ôffaloven. Dat wie net it gefal.

Wilens it ûndersyk gie der noch wer wat mis en dat is ek fuortdaliks ûndersocht. In grut part fan de steuringen komt troch slitaazje. Eigener Omrin fan de ôffaloven docht yn maaie grut ûnderhâld oan de oven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)