Mac-Intosch en Narsingh ferlinge kontrakt by SC Cambuur

Furdjel Narsingh © awfoto.nl
Calvin Mac-Intosch en Furdjel Narsingh bliuwe langer yn tsjinst by Cambuur. De kontrakten fan de twa rinne dizze simmer ôf, mar Cambuur hat se mei in jier ferlingd. Fan sân spilers hat de Ljouwerter klup it kontrakt formeel opsein. It giet dan ûnder oare om Michiel Hemmen, Daniël de Ridder en Bob Schepers. It opsizzen betsjut net dat se ek alle sân fuortgean.
Der sil noch mei har praat wurde, mar om foar te kommen dat se yn tsjinst hâlden wurde moatte, moat it kontrakt foar 1 april opsein wêze.
Earder waard al dúdlik dat Lucas Bijker, Wout Droste en Mohamed El Makrini har kontrakt by Cambuur net ferlinge.