Stroomsteuring yn Ljussens, Nes en Easternijtsjerk

23 mrt 2015 - 21:44

Sa'n tûzen ynwenners fan Ljussens en Easternijtsjerk hawwe op it stuit te krijen mei in stroomsteuring. Dat meldt netwurkbedriuw Liander op de eigen webside. It giet yn alle gefallen om de postkoadegebieten 9134, 9137 en 9143. Liander ferwachtet dat de steuring om 00.15 fannacht hinne wer ferholpen is. It is net dúdlik wat krekt de oarsaak fan de steuring is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)