Gjin stipe foar beweechber meitsjen fan Prins Hendrikbrêge

23 mrt 2015 - 21:24

De gemeenteried fan Ljouwert hat gjin fiif miljoen euro oer foar it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge. Partijen lykas de PvdA, ChristenUnie en it CDA binne posityf oer it plan, mar sizze dat der gjin jild foar is. Bestjoersleden fan de Museumhaven hawwe in boargerinisjatyf yntsjinne om de brêge wer beweechber te meitsjen.

Oant 1969 wie de brêge flakby it stasjon beweechber, fanwege de hannel dy't dêr doe dreaun waard. De ried sil no sjen oft der oanfoljend ûndersyk nedich is om te sjen oft it plan finansjeel helber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)