Joop Atsma (CDA) is ynformateur foar Wetterskip Fryslân

23 mrt 2015 - 21:01

CDA-pommerant Joop Atsma is oansteld as ynformateur foar de foarming fan in nij deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. It deistich bestjoer bestiet út in dykgraaf en fjouwer bestjoersleden. Opdracht fan Atsma bestiet út it gearstallen fan fjouwer bestjoersleden. Atsma is foardroegen troch it CDA.

Fan 2010 oant en mei 2012 wie Joop Atsma steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Yn dy posysje wie er ek ferantwurdlik foar it wetterbelied en de wetterskippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)