Famke (16) út Ljouwert fermist
De plysje is sûnt ôfrûne tongersdei op syk nei de fermiste Inda van Maanen út Ljouwert. It 16-jierrich famke is tongersdei fuortgien op har pearse Milkafyts en dêrnei net wer sjoen.
Se hie in donkerblau dûnsjack fan Gaastra oan, in grize broek en griis mei griene Nike gympen. Inda is blond, 1 meter 72 lang en hat grien-blauwe eagen.