Gjin wizigings yn útslach wetterskipsferkiezings

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
De definitive útslach fan de ferkiezings foar it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân is itselde as ferline wike tongersdei ynearsten bekend makke waard. It CDA mei listlûker Bé de Winter krige mei mear as 44.500 it heechste oantal stimmen en komt op trije sitten.
Fan de 18 sitten gean der ek trije nei Water Natuurlijk, twa nei de PvdA, Lagere Lasten Burger, FNP, VVD en ChristenUnie. Bedrijf, Boer en Burger en Partij voor de Dieren krigen elk ien sit. De partij 50Plus helle net genôch stimmen om in sit te krijen.
It algemien bestjoer hat 25 leden. Neist de achttjin keazen leden wurde sân beneamd troch belange-organisaasjes. De leden wurde op 26 maart ynstalleard. De opkomst fan 50,1 prosint wie de heechste yn Nederlân.