Balksters rjochtsje facebookpagina op tsjin komst AZC

23 mrt 2015 - 12:33

Op de Facebookpagina 'AZC Balk' wurde ynwenners fan Balk oproppen om harren doarpsgenoaten te stypjen yn de striid tsjin de komst fan 500 asylsikers. Neffens oprjochter Dennis Bootsma binne dat tefolle foar Balk. De facebookpagina is dit wykein oprjochte en hie binne twa dagen hûnderten likes.

Ferline wike waard bekend dat it stik grûn fan Landlust oan de Wikelerdyk de meast geskikte lokaasje is foar de fêstiging fan in asylsikerssintrum. Landlust wie in earder bûten. Der soenen wenningen op it terrein boud wurde, mar dat giet net troch.

AZC Facebook

Trefwurden: 
AZC Balk Facebook Landlust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)