Kwaliteit fan ûnderwizers wurdt hieltyd better

23 mrt 2015 - 12:28

De kwaliteit fan de masters en juffen wurdt hieltyd better. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje. Der wie in soad krityk op de ûnderwizers. Se prestearden ûnder de maat op benammen taal- en rekkenûnderwiis.

Dat wurdt better. Hans Greidanus fan PCBO Ljouwert hâldt noch in slach om de earm. Neffens him is it noch wat te betiid om konklúzjes te lûken, mar hy fernimt wol dat de motivaasje fan de studinten better is. Petra Krajenbrink fan Stenden fynt dat de nije oanpak, mei ûnder oaren mear testen, no al fertuten docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)