Konkurrinsje diereambulânses yn Tytsjerksteradiel

23 mrt 2015 - 12:00

De diereambulânse Ljouwert wreidet syn wurkgebiet út nei de gemeente Tytsjerksteradiel. De ambulânse giet dêrmei de konkurinsje oan mei de diereambulânse Adventure yn Koatstertille.

De gemeente Tytstjerksteradiel seit dat de diereambulânse fan Ljouwert yn prinsipe yn harren gemeente wurkje mei en bemuoit har ynhâldlik net mei de diskusje. Fierder hie de gemeente in kontrakt mei de diereambulânse Ljouwert oant 1 jannewaris 2015. De gemeente hat fan 2015 ôf in kontrakt mei Adventure yn Koatstertille sletten.

Adventure hellet allinnich swalkjende selskipsbisten op. Deade bisten wurde troch de eigen bûtentsjinst ophelle. As der dus in ree of oar wyld oanriden wurdt, dan binne der yn Tytsjerksteradiel gjin goeie ôfspraken makke wa't dan yn it spier komme moat.

De diereambulânse fan Ljouwert komt dêrom yn sokke gefallen yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)