Brân yn garaazjeboks It Hearrenfean

Op de Izerwei op It Hearrenfean hat moandeitemoarn in grutte brân west yn in garaazjeboks. Om't der in soad reek frij kaam, waarden diken ôfset en moasten omwenjenden ruten en doarren ticht hâlde.
De brânwacht hie it fjoer tsjin it middeisoere ûnder kontrôle, mar hie by it bestriden fan de brân lêst fan in wettersteuring yn de buert. Dêrom waard de brânwacht fan De Jouwer om help frege mei de oanfier fan genôch wetter. Yn totaal binne 7 boksen útbaarnd. Der rekke net ien ferwûne. De oarsaak is noch net bekend.