Plysje Drachten pakt jonge telefoandieven
De plysje yn Drachten hat sneintemiddei twa jonge winkeldieven oanhâlden. It giet om twa broerkes fan 12 en 15 jier dy't yn in kafee oan de Noardkade in telefoan stellen hienen.
De jonges binne meinaam nei it plysjeburo om heard te wurden. Buro jeugdsoarch sil de saak ôfhannelje.