Fytser by Feinsum ferwûne nei oanriding

Ungelok by Feinsum © Anton Kappers
By Feinsum is in fytser sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Bredyk N357. By it oerstekken waard de 77-jierrige man út Sint-Anne skept troch in auto. It slachtoffer kaam meters fierder op de dyk telâne. De fyts rekke dûbelteard troch de klap. De auto kaam goed hûndert meter fierderop ta stilstân.
De fytser is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De man hat in brutsen skonk en heup. De plysjes ha de dyk yn beide rjochtingen ôfset foar ûndersyk. Ferkear moast oer de paralleldyk ride.