Zonderland tredde op brêge en fjirde op rekstôk nei in fal

22 mrt 2015 - 14:53

Epke Zonderland hat snein brûns helle op de brêge by de Challenge Cup yn it Dútske Cottbus. Hy wie sels bliid mei it brûns om't er foar it earst in nije oefening turnde. Oleg Vernjajev út Oekraïne en de Kolombiaan Jossimar Orlando Calvo gienen him foar.

Op it ûnderdiel rekstôk waard de Lemster fjirde nei't er fallen wie. Hy miste de stang nei it flechtelemint Kolman en kaam op de matte telâne. De winst wie foar de Turk Umit Samiloglu en de Switser Pablo Brägger. De Spanjert Nestor Abad hâlde Epke fan it poadium ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)