Koprinner Snits Wyt Swart wint fan Achilles 1894

22 mrt 2015 - 12:14

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat sneontejûn mei 2-0 fan Achilles 1984 wûn. Op it eigen fjild sette Age Hains Boersma nei it skoft syn ploech op foarsprong. Boersma waard letter op 'e jûn huldige foar syn hûndertste doelpunt foar de Snitsers. De teller stiet no al op 104. Sean de Ruiter makke nei rom in oere dien wurk mei de 2-0. Snits bliuwt koprinner mei 42 punten út 20 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)