Hearrenfean walst yn twadde helte oer Heracles hinne

22 mrt 2015 - 00:06

SC Hearrenfean hat him goed hersteld fan it ferlies ferline wike tsjin Ajax. De ploech fan trainer Dwight Lodeweges wûn mei 4-1 by degradaasjekandidaat Heracles Almelo. Hearrenfean kaam al nei fjouwer minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Luciano Slagveer. Mar nei in ferkearde weromspylbal fan Kenneth Otigba op syn eigen doelman, koe Heracles oanfaller Thomas Bruns de lykmakker oantekenje. Yn de twadde helte skoarden Sam Larsson, Luciano Slagveer en Mark Uth de doelpunten.

Yn de earste helte wie Heracles de bettere (Avdic op de peal en grutte kâns foar Bruns), dochs bleau it 1-1. Troch in pear omsettings yn de twadde helte kantele de wedstriid omdat Hearrenfean op de kounter loerde. Mei de snelheid fan Larsson, Slagveer en útblinker Mark Uth profitearre Hearrenfean optimaal. Mark Uth wie mei trije assists en ien doelpunt by alle doelpunten belutsen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)