Dûbelslach Jorrit Bergsma op 5000 meter

Jorrit Bergsma © awfoto.nl
Jorrit Bergsma hat yn Erfurt in dûbelslach slein. Bergsma wûn mei oermacht de 5000 meter yn 6.17.49. Dat wie genôch om ek it einklassemint lange ôfstannen fan it wrâldbekerseizoen te winnen. De tiid fan Bergsma wie de twadde tiid ea yn Erfurt riden. Allinne Sven Kramer, hy docht net mei oan de útsetter fan it seizoen, ried yn 2009 hurder: 7.16.02. De Noar Sverre Lunde Pedersen waard twadde yn 6.20.64 en ek twadde yn de einstân. Bob de Jong waard tredde yn it einklassemint. Jorrit Bergsma hat no foar it tredde jier op rige de winst te pakken.