Heather Richardson wint 500 meter, Thijsje Oenema fiifde

Thijsje Oenema © awfoto.nl
Thijsje Oenema is op de earste 500 meter by de wrâldbekerfinale yn Erfurt fiifde wurden. De Jouster ried 38.40. Margot Boer waard achtste yn 38.89. De winst gong nei Heather Richardson yn 37.80, foar wrâldkampioene sprint Brittany Bowe yn 37.93. By de manlju wie de Rus Pavel Kulizhnikov oppermachtich. Mei in baanrekôr 34.71 is er no al wis fan de oerwinning op de 500 meter fan it wrâldbekersirkwy. Michel Mulder waard twadde yn 34.94, Gerben Jorritsma tredde yn 35.25.