Peaskebulte fan Aldeberkeap ferpleatst foar feiligens

De peaskebulte fan Aldeberkeap hat in nije lokaasje. Aktiviteitegroep De Geitefok moast de bulte ferpleatse nei beswieren fan de gemeente Eaststellingwerf en omwenners.
De bulte wurdt no fiifhûndert meter fierder it lân yn brocht. Ferskate doarpsbewenners hawwe mei help fan trekkers de bulte ferpleatst. Dat is feiliger foar omwenners en ek foar it bosk dat dêr njonken leit. Op peaskesnein 5 april wurdt de bulte yn brân stutsen.