Fjurkestokers ferniele bunker Tiger op Skylge

21 mrt 2015 - 14:10

Fjurkestokers hawwe fernielings oanrjochte oan de bunker Tiger op Skylge. Troch it fjoer is in betonnen skuttersput knapt. De betonnen ringen fan de put moatte no ferfongen wurde. Der wurde faker fjurkes stookt by de bunkers op it eilân.

De plysje hat oanjûn faker by de bunkers del te riden om de boel yn de gaten te hâlden. De stifting Bunkerbehoud Skylge is al jierren mei sa'n sechstich frijwilligers dwaande om de âlde Dútske bunkers út de Twadde Wrâldoarloch op te knappen en iepen te stellen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)