Iepenbier Ministearje wol mobile binden yn Fryslân oanpakke

Spesjale rokken om stellen guod yn te ferstopjen © Webside Iepenbier Ministearje
De plysje en it Iepenbier Ministearje binne op it stuit drok dwaande mei de oanpak fan kriminele binden dy't op rôftocht troch Europa binne. Ynkoarten moatte ferskate fertochten fan winkeldieverij yn Fryslân har ferantwurdzje foar de plysjerjochter fan Noard-Nederlân. De fertochten brûkten spesjale rokken mei oan de binnenkant in bûdel om it stellen guod yn te ferstopjen. Begjin febrewaris waarden trije froulju -sûnder fêst wen- of ferbliuwplak- oppakt foar it stellen fan in grutte partij babymolkpoeier.
Se diene dat yn winkels yn Drachten, Ljouwert en Hurdegaryp. De plysje pakte ek yn Snits fjouwer fertochten op dy't op deselde wize grutte partijen snobbersguod en kosmetika stellen hiene. Neffens it Iepenbier Ministearje is dit it wurk fan mobile binden. Der wurdt mei oare lannen gearwurke om dizze binden út te skeakeljen.