Herfoarme tsjerke Froubuorren oplevere nei restauraasje

20 mrt 2015 - 16:28

Yn Froubuorren is freedtemiddei de herfoarme Bordenatsjerke weriepene. It tsjerkegebou hat in jier ticht west foar de útfiering fan in grutte renovaasje. Neist de binnen- en bûtenmuorren is ek it dak, it tsjerke-oargel en it ynterieur opknapt.

Mei de renovaasje kin de Bordena-tsjerke, dy't troch guon beskôge wurdt as ít wichtichste monumint fan it doarp, wer in lang skoft mei. Belangstellenden kinne sneon de opknapte tsjerke besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)