Formaasje wetterskipsbestjoer begjint nije wike

It CDA by de wetterskipsferkiezings begjint nije wike mei de petearen om te kommen ta in nij deistich bestjoer. It CDA foarmet no noch it bestjoer mei PvdA, Water Natuurlijk en Bedrijf, Boer en Burger. CDA en Water Natuurlijk hawwe 3 sitten, PvdA en Bedrijf, Boer en Burger binne sakke fan 3 nei 2 sitten.
It CDA wol mei alle partijen prate, seit listlûker Bé de Winter. Pas dêrnei beslút de partij hokker koers folge wurdt. By de lêste ferkiezings yn 2008 waard Henk Kroes noch oansteld as ynformateur.
Hoe't it no komt, sil pas op syn betiidst nije wike bekend makke wurde.