SC Hearrenfean mist middenfjilders yn Almelo

SC Hearrenfean moat yn de útwedstriid tsjin Heracles Almelo Simon Thern en Lerin Duarte misse. Beide middenfjilders hawwe freedtemoarn in yndividuele training ôfwurke yn it bosk. Ek Joey van den Berg trainde freed net mei de groep mei. Van den Berg hat noch altiten bot lêst fan de knibbel, in blessuere dy't hy oprûn yn de útwedstriid tsjin Cambuur.
"We beslissen met Joey pas op het laatste moment, dat doen we in overleg met de medische staf en Joey zelf", sa seit trainer Dwight Lodeweges.
Janio Bikel liket de logyske ferfanger fan Simon Thern links op it middenfjild. Doke Schmidt ferfangt de skorste Pele van Anholt. As Van den Berg net spilet, dan binne der ferskate opsjes wêrfan Pelle van Amersfoort de meast foar de hân lizzende is.