CAO lytsmetaal mislearre, aksjes op kommendewei

20 mrt 2015 - 11:32

De ûnderhannelings oer de nije CAO foar de lytsmetaal en technykmeiwurkers binne mislearre. De fakbûnen oerlizze dêrom moandei yn Ljouwert mei de leden oer te hâlden aksjes. Neffens de bûnen kinne bedriuwen sels tydlike CAO's slute om aksjes foar te kommen. As dat net bart driigje de fakbûnen mei estafette-aksjes.

Ferskate grutte bedriuwen yn Fryslân falle ûnder de cao foar de lytsmetaal, lykas Feenstra Verwarming, Polem op De Lemmer en Aquanaut yn Snits.

Trefwurden: 
CAO aksje lytsmetaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)