Ynbrekker Spanjaardsleane docht krekt oft er tsjûge is

Ynbraak © Omrop Fryslân
In Ljouwerter ynbrekker (40) besocht tongersdeitenacht om oanhâlding te foarkommen troch him foar te dwaan as tsjûge. De eigener fan de apteek oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert krige in alaarmmelding en warskôge de plysje. Dy trof by de apteek de Ljouwerter oan. Dy die krekt as wie hy in tsjûge.
Doe't de plysje trochfrege, die bliken dat it ferhaal fan de man net doochde. Doe't bliken die dat de man ynbrekkersark by him hie, waard hy oanhâlden. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.