Miljeubarometer foar bedriuwen yn Dantumadiel

20 mrt 2015 - 11:07

Bedriuwen yn Dantumadiel kinne tenei sels yn de gaten hâlde hoe't se skoare op it mêd fan it miljeu. De gemeente hat spesjaal hjirfoar in miljeubarometer meitsje litten. Bedriuwen kinne dêr op byhâlde wat se bygelyks kwyt binne oan gas en wetter en hoefolle CO2 se útstjitte. Sa kinne se ek sjen wêr't se op besparje kinne.

Dantumadiel hat dit foar de bedriuwen regele omdat de gemeente it wichtich fynt dat der safolle mooglik rekken hâlden wurdt mei it miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)