Frijwilligersaksje NL Doet fan start

De jierlikse frijwilligersaksje NL Doet fan it Oranje Fonds is freed en sneon. Dit jier dogge der goed 300.000 frijwilligers oan mei. NL Doet is de grutste frijwilligersaksje fan Nederlân.
Net allinnich partikulieren, mar ek bedriuwen, ferienings, ynstellingen en bestjoerders sette har dizze dagen yn foar in non-profit organisaasje. Ek yn Fryslân binne in soad frijwilligers dwaande.