Ravaazje troch auto yn tunen Ljouwert

20 mrt 2015 - 07:42

In auto mei twa ynsittenden hat freedtemoarn in ravaazje oanrjochte op de Weideflora yn Ljouwert. Bewenners skrokken wekker doe't de auto troch harren tunen en dwers troch in pear sketten ried. Tsjûgen seagen nei de klap twa jonges útnaaien. De auto bleau swier skansearre achter. De plysje besiket fia it kenteken te achterheljen wa't de bestjoerder is.

In berger hat de BMW út de tunen takele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)